MUZUDER IEPENLOFT FESTIVAL

2 july 2022 - Fan 16:16 - 00:16 oere



Noch -158 dagen

Stel dy ris foar… In sinnige sneon yn july, lekker iten en drinken, goeie muzyk en leuke aktiviteiten foar jong en âld! Op sneon 2 july is it safier, it earste Muzuder Iepen Loft Festival!


Fan 16:16 oere ôf kinne jim komme om te genietsjen op it festivalterrein op de Buorren 19 yn Reduzum. Wachtsje net te lang en keapje dyn kaarten foar € 15,- op dizze website of by de foarferkeappunten “Café Bar de Welp” of “De Blauwe Tent”. Lês hjirûnder alles oer MILF.

Programma



Lekker bluesse mei Palace of the Queen! Dizze rhythm & blues/roots/rockband bestiet mar leafst út 9 bandleden en dêrby noch ris 3 blazers! 12 man/frou op it poadium, ymposant! Mei leadsang fan ús eigen Lotte Broersma. Dit wolst net misse!

Palace of the Queen

17:00 oere

FARSK! is ûntstien op de lêste Muzuder edysje. De froulju fan FAAM. & de mannen fan de Voskovs bondelje harren krêften en dan krijst in machtichmoaie miks fan akoestyske nûmers & lekkere stevige rock! En dat allegear yn it Frysk!

FARSK!

18:15 oere

Rau & autentyk. Jack Bottleneck & band spylje in ôfwikseljend repertoire dêr’t se it publyk mei prikkelje en ferwûnderje. Syn muzyk sil jim troch de siele hinne snije.

Jack Bottleneck & band

20:00 oere

Lekker ragge mei de mannen fan de Fryske Tonger Core band Jitiizer! Mei nûmers as Hippy, Sop siede en Fryslân Boppe litte se it festivalterrein skodzje!

Jitiizer

21:45 oere

Dit entûsjaste selskip bout graach in feestje! Se spylje covers fan no oant 50 jier lyn. Tink oan De Dijk, Cocaïne, Lion in the morning sun, Crazy little thing called love, I’m a believer en mear!

Off. On the road

23:15 oere

Tusken de bands troch meitsje dj’s Kramer+Pe-Funk der in feestje fan mei echte meisjongers, urban, house, 80’s en oare hits!

Dj’s Kramer+Pe-Funk

Elts dy’t syn “dance moves” efkes flink showe wol, kin in protte wille belibje yn ’e silent disco! Sykje dyn eigen playlist út en gean hielendal út dyn plaat yn dyn eigen bubbel!

Silent disco

Eltsenien kin in goeie boaiem lizze by de foodtrucks dy’t op it festival stean. Lekker BBQ’e mei Nanne fan Gewoan Lekker, bakke yn ’e sinne by snackbar Het Zonnetje of in hearlike swiete fersnapering…

Foodtrucks

In echte “tsjillhoeke” foar bern & jeugd! Smink, springkessen, spultsjes en mear! QlubbRED fersoarget dit en der binne leuke dingen te dwaan foar alle leeftiden!

Aktiviteiten foar bern & jeugd

MILF soe MILF net wêze as der gjin special act wie. Oer dit bankstel ferklappe wy neat. Kom mar gewoan te sjen!

Bankstel




Kaarten



De foarferkeap is sluten, mar kinst noch kaarten oan ‘e doar krije. Wês der op tiid by, want fol = écht fol!


Prizen:

Foarferkeap: € 15,-

Oan ’e doar: € 17,50

12 oant 18 jier: € 10,-

Basisskoallebern: fergees




Ynfo



Dûnsje, ite, drinke & mear

Milf of gjin milf, eltsenien is wolkom op ús festival! It festivalterrein (Buorren 19 te Reduzum) giet iepen om 16:16 oere en we slute de hikken om 00:30 oere. Bist boppe de 18? Nim dyn legitimaasjebewiis mei, dan krijst in moai bantsje om.


Witte hoe’st dy gedrage moatst as in perfekte M.I.L.F. gonger? Lês hjir de MILF-regels



Parkearje kinst leare

Ja, do ek! Komst mei de auto? Dan kinst dy parkearje op in parkearterrein flakby it festivalterrein. Folgje de MILF buorden ast Reduzum yn komst en dan komt it klear!


Leaver op ’e fyts? Ek dêr ha wy in moaie parkeargelegenheid foar. Taksy of Tút & Derút? Lit se dy ôfsette op de hoeke fan de Buorren / Haedstrjitte, dan sjogge we dy dêr!




To top