Image
Image

Muzuder Iepenloft Festival 2025 - 5 july 2025


Stel dy ris foar... In sinnige sneon yn july, lekker iten en drinken, goeie muzyk en leuke aktiviteiten foar jong en âld! Op sneon 5 july 2025 is it wer safier, it Muzuder Iepen Loft Festival! Fan 15:15 oere ôf kinne jim komme om te genietsjen op it festivalterrein op de Buorren 19 yn Reduzum. We binne noch drok dwaande mei de tariedings, dus hâld ús webside en socials yn'e gaten!


Nog
Dag(en)

Keapje dyn tickets

Bisto in MILF gonger yn iren en sinen? Draachst it festival in waarm hert ta? Of wolst gewoan hiel graach in te gekke en unike MILF gadget krije? Foar € 25,- it jier wurdst al Freon fan MILF. Stjoer in mail mei dyn namme en oantal freonen nei info@muzuder.nl en krij ek noch 10% koarting op dyn tagongskaart én dyn namme op de "Wall of Fame".


Wurd Freon fan MILF
Line-up 2025

De Hûnekop

-

De Hûnekop, wa kin se net?! De optredens fan De Hûnekop steane bekend om de enerzjy, dêr’t alles draait om wille meitsjen. De band hat nei al dy jierren noch altyd de ynstelling fan “niks moat, alles kin” en sa rommelje se lekker troch de tiid. Net stinne mar hinne!

Learn More

Morality

-

MILF soe MILF net wêze as der gjin plak wie foar jong talent! En… in Reduster as gitarist! Fan enerzjike ferskes oant rêstige ballads, dizze pop/rock band makket der 5 july grif in feest fan.

Learn More

Fegebart

-

Fegebart is in indiepoprockband mei in folky ynstek út Damwâld. Ôfrûne jier ha se it Fryske Songfestival “Liet” wûn.

Learn More

It Dockumer Lokaeltsje

-

Sûnt 1985 rammelje se mei deselde trije koppen oer spoken, treinen, kei en de ein fan de wrâld. It is punk, it is new/no wave, it is Frysk, it is hielendal harren eigen! De nije plaat komt pas yn 2026, mar yn Reduzum krijst al in foarpriuwke!

Learn More

BoemBast

-

BoemBast is in wiere hiphop/rock sensaasje dy’st in kear sjen moatst! Groovy beats, snoeihurde gitaren en teksten dy’t dy oan it tinken sette én oan it springen krije. Sûnt 2019 meitsje se fan elke bühne in feestje! Dit jier dogge se dat op it Muzuder Iepenloft Festival!

Learn More

Florida Men

-

Florida Men is in punkrockband út Ljouwert, oprjochte yn 2021 en sûnt dy tiid ha de mannen al 2 albums útbrocht. Lekkere punckrock knallers beynfloedze troch bands as The Ramones, Idles ensf. Ôfrune jier ha se de Zwarte Cross platspile en no komme se op MILF.

Learn More

Dan and the Middle Men

-

Swiere grooves ynjektearre mei in flinke doasis enerzjike riffs – fans fan Rage Against the Machine en Royal Blood sille harren by dizze band fuortendaliks thús fiele. Mei harren “Unreal” albumtoer, ferskate prizen én optredens op grutte festivals lykas Oerrock en it Bevrijdingsfestival, bewize se harren as live-act dy’tst absolút net misse meist.

Learn More

Feest DJ Sipke

-

Fan kroech nei keet, fan feest nei festival – Sipke makket fan elk feestje in FEEST! Hy slingeret dy as in flipperkast fan rock nei R&B, fan après-ski nei hardstyle. DE Feest DJ fan it noarden!

Learn More

Finyl DJ Wietse

-

Ast it festival terrein opkomst en dyn earste bierke drinkst, lekker genietsje fan noflike muzyk fan echte finyl plaatsjes! Finyl DJ Wietse draait se foar ús op MILF!

Learn More

Steek d’n Draak

-

Smyt dyn frou út it finster, ryd dyn auto it kanaal yn en jou de hûn in high-five. Fan dikke metal oant 80’s knuffelrock, alles ûnderdompele yn in skunnich Nederlânsktalich sauske. Steek d’n Draak bakt har sels skreaune nûmers op bourgondyske wize en fynt ynspiraasje by bands lykas Van Halen, Metallica, Whitesnake, Pantera – én fansels Gerard Joling.

Learn More

Spare Riffs

-

Dizze Redústers spylje ek op MILF! Rock, rythm & blues en in fleuchje country út de jierren 50, 60 en 70 mei no en dan in útstapke nei oare desennia. Dat wolst net misse dochs?

Learn More
Aktiviteiten

Wurd Freon fan MILF

Bisto in MILF gonger yn iren en sinen? Draachst it festival in waarm hert ta? Of wolst gewoan hiel graach in te gekke en unike MILF gadget krije? Wurd dan Freon fan MILF. Stjoer in mail mei dyn namme en oantal freonen nei info@muzuder.nl en krij ek noch 10% koarting op dyn tagongskaart én dyn namme op de “Wall of Fame”.

Learn More

Silent disco

Elts dy’t syn “dance moves” efkes flink showe wol, kin in protte wille belibje yn ’e silent disco! Sykje dyn eigen playlist út en gean hielendal út dyn plaat yn dyn eigen bubbel!

Learn More

Foodtrucks

Eltsenien kin in goeie boaiem lizze by de foodtrucks dy’t op it festival stean. Lekker iten fan ús eigen Blauwe Tent of in lekkere pizza fan Sybz Pizza Foodtruck?! Lekker ite!

Learn More

Foar de bern

In echte “tsjillhoeke” foar bern & jeugd! Leuke spultsjes en mear! QlubbRED fersoarget dit en der binne leuke dingen te dwaan foar alle leeftiden!

Learn More

Tickets


Keapje hjir dyn tickets foar it MILF festival

Tickets
Ynfo

Stipers 2025
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image
Image